Twadde Slachtebrêge komt der

17 jan 2004 - 00:00

De problemen mei de oanlis fan in Twadde Slachtebrêge lykje fan de baan. De bruorren Rodenhuis fan Hjerbeam binne it iens wurden mei it bestjoer fan de Slachtemaraton oer it parkoers.

De twadde brêge moat flak by it hûs fan de bruorren boud wurde en de kuierders rinne dan oer harren hiem. De organisaasje hat no tasein dat allinnich de Slachtemaraton oer it hiem komt. Dus ien kear yn de fjouwer jier 10.000 minsken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)