Twadde ritwinst Wim Stroetinga yn Olympia's Tour

14 maaie 2015 - 19:40
  • Sa hie it wêze moatten neffens Wim Stroetinga

Wim Stroetinga hat de tredde etappe yn Olympia's Tour wûn. Yn Reuver (Limboarch) wie de âld-ynwenner fan Aldeberkeap de rapste yn de massasprint. Coen Vermeltfoort waard twadde, Jeff Vermeulen tredde. Foar Stroetinga wie it de twadde etappewinst yn dizze 63e edysje fan Olympia's Tour. Tiisdei wie er ek al de rapste yn Oerterp. Yn totaal hat de Fryske sprinter no tolve etappes yn de âldste rittekoers fan Nederlân wûn. Yn it algemien klassemint is Harry Sweering fan Snits de bêste Fries. Hy stiet 14e op 2.17 fan lieder Jetse Bol.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)