Twadde rekonstruksje ûngelok

15 aug 2011 - 11:09
  • Eardere rekonstruksje yn maart (foto: Omrop Fryslân)

De plysje hat freed wer in rekonstruksje makke fan in ûngelok op de Esdoornstrjitte yn Ljouwert. Dêr rekke yn maart in fytser dea nei't er oanriden wie troch in auto. Syn dochter dy't by him fytste, wie swier ferwûne. De bestjoerder hie dronken.

Ofrûne freedtejûn is neigien hoe't de auto reagearret as er mei ferskate faasjes de strjitte ynrydt. De omjouwing waard foar in part ôfset. Ein maart wie der ek al in rekonstruksje fan it ûngelok.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)