Twadde priis Nauta op concours

25 apr 2010 - 17:38
  • Dineke Nauta (foto: Prinses Christina Concours)

Saksofoniste Dineke Nauta (17) fan Easterwierrum hat snein de twadde priis krigen op de Prinses Christina Concours. De priis foar Nauta bestiet út masterclasses by in bekende musikus, dy't Nauta sels útsykje mei.

Nauta krige ek noch in priis fan de Wrâldomrop. Dy priis bestiet út in live-optreden, dêr't de omrop in cd-opname fan meitsje sil. Ek krijt Nauta in finansjele bijdrage yn har muzikale ûntjouwing fan de Stichting Vrienden van het Prinses Christina Concours.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)