Twadde priis foar Sannemaj

30 jun 2013 - 16:37
  • Logo Kunstbende

De 18-jierrige Sannemaj Betten út Sint Anne hat sneon by de lanlike finale fan de Kunstbende in twadde priis wûn. Se wûn it sulver yn de kategory 'taal'. Sannemaj moast foar dy kategory sels in ferhaal skriuwe en foardrage. Se hie earder al de Fryske finale wûn. Yn de lanlike finale yn de Melkweg yn Amsterdam neamde de sjuery har “Het snoepje met het geweldadige verhaal”. Neffens de sjuery is se in echt talint en hie se in moaie miks makke fan proaza en poëzy. Op de 23e edysje fan Kunstbende diene 100 akts mei yn ferskate kategoryen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)