Twadde plak foar Stroetinga

14 okt 2004 - 11:27

Arjan Stroetinga fan Aldeberkeap is woansdei yn Alkmaar twadde wurden by de earste reedrydmaraton fan it nije seizoen.

Henk Angenent, Jeroen de Vries en de ferrassende B-kampioen fan ferline jier sieten it faakst yn de kopgroep, mar Bert-Jan van der Veen ride alles wer nei hûs. Dat die er foar syn teammaat KC Boutiette, dy't it gelok hie dat Arjan Stroetinga yn de finale Cedric Michaud út de bocht wei ride.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)