Twadde operaasje foar Kramer

21 mrt 2014 - 07:47
  • Sven Kramer

Sven Kramer hat tongersdei in twadde operaasje hân om syn luchtwegen skjin te meitsjen. Twa wike lyn gong Kramer ek al ûnder it mes, mar hy moast dêrnei werom nei it sikehûs om't er in bakteriële ynfeksje oprûn hie. De reedrider lit witte dat er him nei de twadde operaasje fan tongersdei wol 'redelik' fielt, mar it sil noch wol efkes duorje ear't er wer fit is. 'En dat is in alle oprechtheid een tegenvaller', sei er freed yn syn kollum yn De Telegraaf.

Kramer wol yn maaie fit weze, as de tariedings foar it nije seizoen úteinsette.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)