Twadde nederlaach foar Werle

26 nov 2006 - 15:57

Skaker Jan Werle fan Beetstersweach hat yn de fjirde ronde fan it Remco Heite skaaktoernoai yn Wolvegea ferlern fan de Dútser Robert Hübner. It wie al de twadde nederlaach fan it toernoai foar Werle.

Earder spile Werle ek al twa kear remise en dêrtroch hat hy no gjin kâns mear om earste te wurden. Loek van Wely stiet der nei fjouwer ronden mei 3,5 punt it bêste foar. Sneintejûn wurdt de fiifde en lêste ronde spile.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)