Twadde minimarestaurant

29 des 2009 - 17:19

Ljouwert krijt in twadde festiging fan minimarestaurant Van Harte. Dy komt yn de vmbo-skoalle De Brêge by it Kealledykje. Van Harte sit no yn it wykgebou yn it Hoeksterend. Dêr kin op tiisdei en tongersdei iten wurde. De nije festiging is op woansdei iepen en sil draaiende hâlden wurde troch learlingen fan de vmbo-skoalle.

Op 6 jannewaris wurdt it restaurant iepene troch wethâlder Marco Florijn. By Van Harte kin foar 5 euro in trijegongemiel iten wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)