Twadde min plak Blokhúspoarte

28 jan 2013 - 15:46
  • In stik fan de bûtenmuorre is yn de nacht fan snein op moandei ynstoart

De Dimpte Keizersgrêft yn Ljouwert bliuwt de kommende oeren ôfsletten. It ferkear waard moandei betiid stillein, neidat by de Blokhúspoarte in stik muorre ynstoarte. It giet om in muorre om it terrein fan de âld finzenis, dy't hûndert jier lyn boud is. Yn de jierren '50 is der in stik opset. Nei alle gedachten hat dat nijste stik muorre troch de froast fan de ôfrûne dagen loslitten.

De rykstsjinst hat by in kontrôle fan de oare muorren noch in min stik fûn. Omdat dat plak neier besjoen wurde moat bliuwt de Dimpte Keizersgrêft ôfsletten.

De Rykstsjinst foar de Monumintesoarch is fan doel om de ynstoarte muorre te herstellen, mar wachtet earst de nije bestemming fan de Blokhúspoarte ôf.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)