Twadde lokaasje foar opfang Asja

21 feb 2004 - 00:00

It opfanghûs foar jonge prostituees Asja yn Ljouwert wol in twadde lokaasje iepenje. Asja fangt jonge prostituees op dy't slachtoffer binne fan loverboys en frouljushannelers. It hjoeddeistige Asja-hûs sit op in geheime lokaasje.

It nije opfanghûs wurdt in saneamd learhûs. Dat is in iepen ynstelling der't de froulju famylje en freonen útnoegje meie. Sa moatte de jonge prostituees better taret wurde op in weromkear yn de maatskippij.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)