'Twadde korreksje is serieus'

21 jun 2013 - 14:27
  • Eineksamens

Dosinten fan it Lyseum Leeuwarden kinne har net fine yn it CITO-ûndersyk nei de twadde korreksje op eineksamens. Neffens CITO soe dy mar kwalik of hielendal net dien wurde, wylst it wetlik foarskreaun is. Doel fan 'e twadde korreksje is it foarkommen fan fraude, omdat de eksamens earst troch de eigen dosint neisjoen wurde.

As der ferskillen binne moatte de twadde korrektor en de dosint oerlizze en dat bart faak net, neffens it CITO. Dosinten fan Lyseum Leeuwarden ha krekt de ûnderfining dat de twadde korreksje tige serieus útfierd wurdt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)