Twadde konsert Guus Meeuwis

12 sep 2008 - 22:04
  • Guus Meeuwis

Der komt in twadde konsert fan sjonger Guus Meeuwis yn it Abe Lenstrastadion op It Hearrenfean. It earste is nei ien dei al sa goed as útferkocht. dat betsjut dat der hast al 25.000 kaarten ferkocht binne.

Guus Meeuwis treedt takom jier op 5 en 6 juny op yn it stadion fan It Hearrenfean. De Brabânske sjonger jout al trije jier lang konserten yn it PSV-stadion yn Eindhoven. Om syn fans temjitte te kommen reizget hy no nei it noarden 'foar in útwedstriid'.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)