Twadde klok foar toer Burdaard

26 apr 2006 - 22:21

Burdaard krijt, mear as 60 jier nei de oarloch, wer in twadde klok yn de toer. Tongersdeitejûn wurdt dy klok getten yn Finsterwolde, yn Grinslân. Burdaard hie foarhinne altyd twa klokken. Beide binne yn de oarloch út de toer helle troch de Dutsers.

Nei de oarloch waard der, troch jildkrapte, mar ien ferfangende klok makke. Troch in legaat hat de herfoarme tsjerke no genôch jild om ek de oare klok meitsje te litten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)