Twadde Keamerleden nei SWH

28 jan 2010 - 15:23

It wurdt freed in spannende dei as Twadde Keamerleden delkomme yn Snits. Se sille de Súdwesthoeke yn om har ynformearje te litten oer de fúzje fan de fiif gemeenten yn dy hoeke. Oer in moanne moat de Twadde Keamer in beslút nimme oer de gearfoeging fan Snits, Boalsert, Nijefurd, Wûnseradiel en Wymbritseradiel. Dêrnei giet it foarstel noch nei de Earste Keamer.

Yn it gemeentehûs fan Drylts wurdt de fúzje fan de fiif Súdwesthoekegemeenten taret.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)