Twadde Keamerferkiezings los

22 nov 2006 - 10:10

De stimburo's foar de Twadde Keamerferkiezings binne woansdei om healwei achten iepen gien. Op mear as 10.000 stimburo's kin stimd wurde oant 21.00 oere. Yn 34 gemeentes dêr't de lêste kear mei de kompjûter stimd waard, moatte minsken no mei it reade potlead stimme. By dizze gemeentes sitte ek Frjentsjerteradiel en Flylân.

Der binne ek kiezers dy't gebrûk meitsje fan in stimpas. Hjirmei kinne je sels kieze wêr't je stimme wolle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)