Twadde Keamer wol gau dúdlikheid oer ûndersyk Alliade

20 apr 2016 - 19:19

Steatssekretaris Van Rijn fan Folkssûnens moat avesearje mei de plannen foar it ûndersyk nei belangeferfrisseling by soarchgroep Alliade. De Twadde Keamer wol uterlik oan de ein fan dizze wike fan him witte wa't it ûndersyk útfiere sil. Dat skriuwt RTL Nieuws. De Keamer wol ek fan him hearre hokker opdracht de kommisje krekt meikrijt, en wannear't de útkomst ferwachte wurdt.

Foarige wike melde RTL dat twa direkteuren fan Alliade foar miljoenen euro's oan opdrachten jûn ha oan bedriuwen dêr't se sels ek eigener fan binne. It soe gean om ferbeane belangeferfrisseling. Alliade lit ekstern ûndersykje oft dat ek sa is. De steatssekretaris wol dat de Nederlânske Soarchautoriteit en de Ynspeksje fan de Sûnenssoarch dêrby meisjogge. Guon Keamerleden fine dat net genôch, dy wolle in ûndersyk dat folslein ûnôfhinklik is, en dat net yn gong set is troch it bedriuw dêr't sa'n soad gedoch om is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)