Twadde Keamer tsjin iepenhâlden plysjeburo Koudum

14 apr 2015 - 16:20
  • It plysjeburo en de brânwachtkazerne yn Koudum

De moasje fan it CDA om it plysjeburo yn Koudum iepen te hâlden is tiisdeitemiddei yn de Twadde Keamer fuortstimd, It CDA hie de moasje yntsjinne nei oanlieding fan protesten út de Súdwesthoeke.

Bewennersorganisaasjes út Koudum, Hylpen, Warkum, Starum, Himmelum en Nijhuzum fregen de Twadde Keamer begjin april om it buro iepen te hâlden. De minsken binne benaud dat de plysje oars te let te plak is. Mar de regearingspartijen VVD en PvdA stimden tsjin de CDA-moasje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)