Twadde Keamer stimt tsjin gaswinning by Skylge

27 okt 2015 - 17:08

In mearderheid yn de Twadde Keamer is tsjin de mooglike winning fan gas by Skylge. De measte fraksjes fine dat net nei gas boarre wurde moat yn it kwetsbere gebiet.

Minister Henk Kamp beslist pas takom jier oer mooglik gaswinning by it Waadeilân. Yn de tuskentiid sil oaljebedriuw Tulip Oil gjin boarrings dwaan. Op Skylge is fûl ferset tsjin it plan. Sa binne ûndernimmers op it eilân benaud dat it negative gefolgen hawwe sil foar de natuer en it toerisme.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)