Twadde Keamer stimt foar gas- en sâltwinning by Winaam

08 mrt 2016 - 16:19
  • Gaswinning

De Twadde Keamer komt tsjinstanners fan gas- en sâltwinning yn lytse Fryske fjilden net temjitte. De Keamer stimde tiisdei tsjin in ferbod op nije gas- en sâltwinning by Winaam. In moasje fan de Partij foar de Dieren dêroer waard net oannaam.

De SP tsjinne in moasje yn dat dupearren makliker skeafergoeding krije kinne by gaswinning. Dy helle ek gjin mearderheid yn de Twadde Keamer. De KristenUny woe dat der in spesjaal skealoket foar grûndelgong komme soe. Mar de partij luts dy moasje foar de stimming yn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)