Twadde Keamer praat oer beheiningen jacht

15 jun 2015 - 13:53

De jacht wurdt mooglik oan bannen lein. Moandei praat de Twadde Keamer oer it foarstel fan steatssekretaris Dijksma om ûnder oare de saneamde wyldlist te skrassen. Dêr stean bisten op dêr't frij op jage wurde mei, lykas hazzen, einen en dowen. Foar it ôfsjitten fan oare bisten, lykas reeën, wylde bargen en guozzen, moat wol in fergunning oanfrege wurde.

De ferwachting is dat de mearderheid tsjin it foarstel stimme sil, om't de politisy gjin papierwinkel en burokrasy wolle. De Twadde Keamer sil op 25 juny stimme.

Neffens Dijksma moatte ek oare partijen as jagers meiprate kinne oer de jacht. Dat fine de jagers goed, mar dan moatte de boeren ek in stim ha en dat is noch net regele.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)