Twadde Keamer jout opdracht om PGB-problematyk op te lossen

24 mrt 2015 - 18:56
  • Ynspeksje foar de sûnenssoarch

Ald-keamerlid Andrée van Es hat de opdracht krigen om de betellingsproblemen fan de persoansbûne budzjetten op te lossen. Steatssekretaris Martijn van Rijn fan Folkssûnens hat dat tiisdei bekend makke.

Yn Fryslân binne ek in soad minsken en ynstânsjes dy't noch hieltyd net betelle krije fan de Sosjale Fersekeringsbank foar har PGB-wurksumheden. Van Rijn tinkt dat alle ferbetterings foar de simmer tapast binne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)