Twadde Keamer: gjin MKZ-kontrôle

11 jul 2001 - 00:00

De Twadde Keamer wol de moanlikse tongblierkontrôle op kij, skiep en geiten dy 't Minister Brinkhorst tiisdei ferplicht ynfierd hat stopsette. As Brinkhorst net fuortendaliks de kontrôle-regels útstelt dan wolle de fraksjes de Twadde Keamer fan reses werom roppe om yn te gripen.

Dit docht bliken út reaksjes op in brief fan Twadde Keamer-lid Joop Atsma dy't er woansdei oan de Keamer stjoerd hat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)