Twadde kampanje kankerprik

06 apr 2010 - 13:53
  • Foto's: Omrop Fryslân

De GGD Fryslân is yn Balk út ein set mei in twadde ynintingskampanje tsjin 'baarmoederhalskanker'. Meielkoar binne njoggentûzen famkes tusken 12 en 16 jier oproppen foar de spuit.

Fan harren binne 5500 tusken de 13 en 16 jier dy't net meidien hawwe oan 'e earste faksinaasje fan ferline jier. Sy hawwe har oanmelden foar in nije mooglikheid. Troch minne foarljochting en fûle tsjinstân kaam doe mar de helte opdaagjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)