Twadde goud Sven Kramer

15 mrt 2009 - 00:11
  • Sven Kramer (argyffoto KNSB)

Sven Kramer bliuwt de kening fan de lange ôfstân. Sneon wie de Feanster op de Olympyske baan fan Richmond fierwei de sterkste op de 10 kilometer. Yn de rit tsjin syn grutste konkurrint, de Noar Havard Bokko, gong Sven nei twa kilometer oan de haal. Nei 25 rûntsjes wie it ferskil grut: Kramer 12.55,32 en Bokko 13.03,95. It brûns wie foar Bob de Jong yn 13.13,16.

Freed wie Sven Kramer ek al de bêste op de 5000 meter. Snein kin Kramer syn tredde goud winne op de achterfolging.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)