Twadde foersintrum yn Dokkum

02 maaie 2013 - 12:17

Der komt in twadde Frysk Foersintrum nei it súkses fan de earste festiging yn Ljouwert trije jier lyn. Dizze twadde 'kuilfabryk en -opslach' yn Dokkum hie wat fertraging, fanwege fergunnings en jild. Mar no't feefoerprodusint Jan Bakker fan Oldebroek der yn ynvestearret en foar in fjirde part eigener wurdt, kinne de plannen yn Dokkum trochgean.

It bedriuw makket kuil, slacht it op en bringt it by feehâlders, dy't dêrmei in soad wurk út hannen nommen wurdt. It bedriuw tinkt yn de takomst fierder útwreidzje te kinnen, ek bûten de provinsje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)