Twadde fertochte ôfparsing

18 jun 2013 - 14:33
  • jild

Op 'e Gordyk is in twadde fertochte oanhâlden dy't in doarpsgenoat twongen hawwe soe jild te pinnen. De fertochte is man fan 25 jier út it doarp. Snein waard yn de saak ek al in Gordykster fan 30 jier oanhâlden.

Tsjûgen hiene sjoen dat in 67-jierrige Gordykster snein ûnder twang jild opnimme moast by in pinautomaat op It Hearrenfean. Se bellen de plysje dy't deselde jûn de iene Gordykster oanhâlde en tiisdei de twadde. Beide fertochten sitte fêst op it plysjeburo.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)