Twadde fertochte moard Mearum

04 sep 2012 - 08:25
  • Poeisz, Oerfal, Ljouwert

De plysje hat in twadde fertochte oanhâlden foar de moard yn Mearum yn Grinslân. Dêr waard op 10 july by it swimbad in 40-jierrige man deasketten. De plysje hat in 44-jierrige fertochte út Elburg arrestearre. Earder is ek al in 35-jierrige man út Zwolle oppakt. Beide manlju sitte noch fêst.

Fuortendaliks nei de sjitterij begûn de plysje in klopjacht nei in pearse auto. It slachtoffer wurke as fertsjintwurdiger foar in bedriuw yn Drachten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)