Twadde fertochte brân Eastrum

23 mrt 2014 - 11:37

De plysje hat sneontemoarn in 34-jierrige frou út Eastrum oanhâlden om't se fertocht wurdt fan belutsenheid fan fernielerij en it yn brân stekken fan in wenning. Ofrûne freed hat de fertochte mei in 35-jierrige man earst ruten fan in wenning yn de buert fernield en dêrnei besocht om de wenning yn brân te stekken. De bewenners fan it hûs koene it fjoer sels útmeitsje. It duo hat dêrnei noch besocht om har eigen wenning yn brân te setten.

De manlike fertochte waard freed al gau oanhâlden troch de plysje en sneon ek de frou.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)