Twadde ferlies kuorballers LDODK

26 nov 2014 - 23:14
  • Diana van der Vorst
  • Erwin Zwart
  • André Zwart

LDODK hat ek de twadde wedstriid yn de kuorbal league ferlern. De kuorballers fan Terwispel en De Gordyk ferlearen yn de eigen hal mei 26-24 fan Dalto út Driebergen. Healwei wie 14-13 foar Dalto. Benammen it twadde oanfalsfak fan de thúsploech hie it dreech. De doelpunten moasten yn dat fak foaral fan Erwin Zwart komme. Zwart makke acht fan de tsien. It oare fak fan LDODK makke fjirtjin goals, oer alle spilers ferparte. Snein komt LDODK wer yn aksje. Dan is yn Delft Fortuna de tsjinstanner.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)