Twadde farrûte foar elektryske boaten yn Súdwest-Fryslân

20 feb 2015 - 10:25
  • It Bûtenfjild

Der komt yn 2016 in twadde saneamde 'Electric only' farrûte yn Súdwest-Fryslân. De gemeenteried stelde tongersdeitejûn it jild beskikber. It oanlizzen fan de farrûte foar elektryske boaten fan Abbegea nei Aldegea kostet 1,25 miljoen euro. Provinsje en Súdwest-Fryslân betelje elk de helte.

De stille farrûte is in winsk fan de doarpsbelangen yn Blauhús, Greonterp, Wolsum en Westhim. Dy tinke dat in soad toeristen op de stille farrûte ôf komme sille. De earste farrûte leit al tusken Aldegea en Heech.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)