Twadde EK-goud foar Kamminga

03 aug 2014 - 15:42

Manon Kamminga hat snein har twadde Europeeske titel pakt by it EK inline-skaten yn it Dútske Geisingen. Kamminga fan It Hearrenfean wie de rapste op de maraton. Yn in spannende einsprint wist se de Italiaanse Francesca Lollobrigida en de Dútse Katharina Rumpus foar te bliuwen.

Kamminga pakte earder al it goud op de 1000 meter. Op de puntekoers en de 10 kilometer ôffalkoers wûn se sulver. Op de 20 kilometer ôffalkoers wie der ta beslút brûns.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)