Twadde edysje fan 'Literair Festival Snackbuffet Het Vliet'

12 okt 2015 - 16:17
  • Nij: in literêr festival yn in snackbar

Der komt in twadde edysje fan it 'Literair Festival Snackbuffet Het Vliet' yn Ljouwert. Freed oer in wike kinne belangstellenden yn de romrofte snackbar patat en frikandellen ite en tagelyk lústerje nei skriuwers en dichters dy't foarlêze út eigen wurk.

It giet ûnder oaren om Leon Verdonschot, Mohammed Benzakour en Willem Schoorstra. It earste festival luts ferline jier hûnderten minsken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)