Twadde Cup foar Bob en Elma

19 jan 2008 - 23:17
  • Bob en Elma de Vries (foto: Martin de Jong)

De lêste maraton om de KNSB Cup yn Alkmaar waard sneontejûn wûn troch Joost Juffermans by de manlju en Mariska Huisman by de froulju. De einwinners fan de KNSB Cup, Bob en Elma de Vries fan De Haule, waarden twadde.

Yn it einklassemint krigen broer en sus De Vries in ploechgenoat op it twadde plak. Dat wiene Arjan Stroetinga fan Aldeberkeap en Maria Sterk fan Hallum.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)