Twadde brûns foar Breeuwsma

19 okt 2014 - 16:35
  • Daan Breeuwsma

Shorttracker Daan Breeuwsma pakte snein op 'e nij in brûnzen medalje by de Invitation Cup yn Thialf. Nei it brûns sneon op de 1500 meter wie der no in tredde plak op de 500 meter. De winst gong nei Viktor Knoch út Hongarije. Lângenoat Sandor Liu Shaolin waard twadde. It brûns betsjut it twadde wrâldbekerticket foar Breeuwsma, dy't him ek al kwalifisearre foar de 1500 meter.

By de froulju waard shorttrackster Rianne de Vries fan Lúnbert fjirde op de 500 meter. Sy pakte ek in ticket foar de wrâldbekerwedstriden yn Salt Lake City en Montreal.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)