Twadde brânstofdief pakt

01 aug 2014 - 10:15
  • Jerrycan

De plysje hat tongersdei in twadde fertochte oppakt foar de brânstofstellerij fan ferline wike yn Gytsjerk. It giet om in 26-jierrige man út Ljouwert. Hy soe in wike ferlyn tegearre mei in Ljouwerter fan 41 jier brânstof stellen hawwe oan de Canterlânsewei yn Gytsjerk. Doe't de manlju sjoen waarden, naaiden se út.

De 41-jierrige man waard dyselde nachts noch oppakt. Nei ûndersyk koe tongersdei de twadde fertochte pakt wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)