Twadde Ali yn saak-Vaatstra

07 mrt 2010 - 10:13
  • De plysje soe in ferkearde fertochte oppakt hawwe foar de moard op Marianne Vaatstra
  • Marianne Vaatstra waard yn de Keninginnenacht fan 1999 fermoarde yn in stik greide by Feankleaster

Plysje en justysje binne op syk nei in twadde Ali H. yn de saak-Vaatstra. Dat sei parse-offisier Henk Mous sneon yn it programma Een Vandaag.

Neffens ferskate tsjûgen soe de plysje in heal jier nei de moard op Marianne Vaatstra de ferkearde Ali H. oppakt hawwe. It DNA fan dy man kaam net oerien mei de spoaren. Mous seit net te twifeljen oan it feit dat it doetiids de goede fertochte wie. Dochs moat neier ûndersyk no útwize oft de ferklearrings fan de tsjûgen klopje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)