Twadde aksjewike lytsmetaal

03 mrt 2008 - 09:00
  • Twadde aksjewike lytsmetaal

De fakbûnen FNV en CNV begjinne har twadde stakingswike yn de lytsmetaal ûnder oare yn Ljouwert. Moandei wurdt de wurknimmers fan Strukton Worksphere en FIB yn Ljouwert frege it wurk del te lizzen.

Ferline wike moandei begûn de wurkûnderbrekking yn de lytsmetaal op It Hearrenfean. Letter is ek staakt yn de regio Dokkum en Feanwâlden it wurk foar in dei del lein. De fakbûnen easkje 3,5 % mear lean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)