Twa ynbraken yn Snits

20 nov 2008 - 10:11

De plysje ûndersiket twa ynbraken yn Snits. In bewenster fan in hûs oan de Anna Paulownastrjitte kaam tongersdei in ynbrekker oer it mat. Doe't se thúskaam, seach se dat de foardoar iepenstie. Yn ien fan de keamers seach se de ynbrekker. Dy treau har op de grûn en naaide út. It is noch net dúdlik wat der stellen is.

Oan de Olyfberchleane yn Snits is dizze wike ek ynbrutsen. De dieder hie in doar fernield en alles oer de kop helle. It is net dúdlik wat der mist.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)