Twa ynbraken yn Grou

20 jul 2001 - 00:00

Yn Grou is tongersdeitenacht op twa plakken ynbrutsen. Ut de hal fan in hûs oan De Waring binne attasjeekoffers, in laptop en in tas stellen. Ut de keamer binne 20 Svarovksi-byldsjes stellen.

Yn in wenning oan De Kupe is ek ynbrutsen. De kasten binne trochsocht en in fototastel, in diskman en jild is meinommen. De eigners fan beide hûzen hawwe oanjefte dien by de plysje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)