Twa yllegale stjoerders út eter

06 mrt 2004 - 00:00

De plysje hat freed twa yllegale stjoerders út de loft helle. Yn Twizelerheide waard yn in karavan achter hûs de stjoerder fan de Alpenjager yn beslach nommen.

Letter op de jûn waard yn Berltsum in stjoerder fûn. De 20-jierrige ynwenner fan dat doarp koe syn stjoerder Zwarte Cobra ynleverje. Beide eigners krigen in proses-ferbaal. Se kinne in boete fan 1100 euro ferwachtsje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)