Twa winners op It Amelân

20 mrt 2014 - 00:27
  • Gemeente It Amelân

Ameland '82 en Algemeen Belang Ameland moatte de winst diele by de gemeenteriedsferkiezings op It Amelân. Beide partijen hellen 27,2 prosint. Ameland '82 bliuwt dêrtroch stean op 3 sitten, Algemeen Belang Ameland pakt in ekstra sit en hat der no ek trije.

It CDA is mei 23,9 prosint de tredde partij mei 3 sitten, folge troch de PvdA en VVD mei 1 sit. De Christelijk Arbeid Ondernemend Partij wist gjin sitten te heljen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)