Twa wapene oerfallen yn Ljouwert

24 jul 2004 - 12:27

Twa wapene oerfallen ha freedtemiddei plak fûn yn Ljouwert. Beide kearen waard der troch de oerfaller jild út de kassa pakt. Neffens de plysje kin it om deselde dieders gean mar dat is net wis.

Om in oere as twa wie in oerfal by in drogist yn de Wagnerstrjitte. In blanke man bedrige it personiel mei in mes en die in graai yn de kassa. De bút wie net grut: 5 euro. In oere letter wie in kleanwinkel op de Foarstreek it doelwyt. Dêr waard 300 euro meinaam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)