Twa ûngelokken yn it fuotbal

05 okt 2008 - 12:10

In 20-jierrige man út Boalsert is sneontemiddei ferstoarn nei in kopduel yn in fuotbalwedstriid. De man waard in pear minuten nei it kopduel net goed. Plysje en ambulânse wiene gau te plak. Der is noch besocht de man te reanimearjen, mar dat is net mear slagge.

In spiler fan fuotbalklub SDS yn Easterein is sneon nei 16 minuten spyljen mei in hertstilstân ôffierd nei it MCL yn Ljouwert. Hy is wol oansprekber.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)