Twa ûngelokken by maraton

26 okt 2014 - 10:36
  • Martin van de Pol wurdt mei in brankaar fan it iis helle

By de maratonwedstriden op Thialf binne sneontejûn twa riders slim ferwûne rekke. Martin van de Pol út Amerongen rekke belutsen by in fal en dêrby waarden alle spieren, slachieren en senuwen achter de knibbel trochsnien. Neffens syn broer hat it adekwaat optreden fan in ambulânsebroeder út it publyk syn libben rêden. Yn it UMCG is it slachtoffer seis oeren operearre.

By de froulju rekke Jane Ravestein ferwûne nei in fal, sy bruts in wervel en is ek yn it UMCG operearre.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)