Twa Tynsters oppakt foar drugshannel

04 mrt 2015 - 11:48
  • Himpkwekerij

Twa minsken út De Tynje binne oanhâlden foar belutsenheid by de teelt en hannel yn drugs en it wytwaskjen fan krimineel jild. De plysje hat it hûs fan de 32-jierrige man en 45-jierrige frou yn De Tynje en in bedriuwsgebou oan de Klok op De Gordyk ûndersocht.

Yn it bedriuwsgebou is in himpplantaazje oantroffen. De stroom waard yllegaal ôftape. Alles is yn beslach naam en ferneatige. Der binne ek twa auto's, twa gebouwen, in speedboat, jild en alderhanne kompjûterapparatuer yn beslach naam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)