Twa ton stoarmskea Opsterlân

10 sep 2013 - 16:20
  • Oan de Bûtewei yn Oerterp is men drok dwaande mei opromjen fan de skea

De gemeente Opsterlân is dik twa ton kwyt oan it opromjen fan takken en beammen nei de stoarm yn augustus. De wynhoas feroarsake sels de dea fan in famke. In beam waaide om en kaam op de caravan terjochte dêr't se yn siet. Mei de skea is yn de begrutting gjin rekken holden.

Wethâlder Wietze Kooistra ferwachtet net dat der nei oanlieding fan dit ûngelok nije regeljouwing komt. Der wie neffens him sprake fan ekstreem geweld en net foar te kommen troch regels.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)