Twa ton skea troch boustop

19 jun 2007 - 17:08

Soarchgroep Noorderbreedte hat 200.000 euro direkte skea troch de boustop fan in ferpleechhûs yn Sint Anne. Dêr komme wierskynlik noch klaims fan oannimmers oerhinne. Neffens direkteur Douwe de Vries fan vastgoed Noorderbreedte is it noch te betiid om te sjen oft de skea op immen ferhelle wurde kin.

Mei de bou fan it fersoargingshûs is al begûn, mar in tal ûndernimmers hat beswieren tsjin de komst fan it gebou.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)