Twa ton op steatslot Ljouwert

11 jul 2014 - 12:06
  • Yn Ljouwert foel twa ton op in fyfde steatslot

It is freed feest by de TabAktief oan de Skrâns yn Ljouwert. Op ien fan de lotten fan de Steatslotterij dy't by de winkel ferkocht is, is tongersdeitejûn in flinke jildpriis fallen. De priis is eins 1 miljoen euro, mar omdat it om in fyfde lot giet, krijt de keaper 200.000 euro útkeard.

Dat wurdt by de tabakssaak fierd mei gebak en ballonnen. Wa't de gelokkige is, is noch net bekend.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)