Twa ton foar Ecomunitypark

13 nov 2012 - 20:56
  • Under de ferklearring waard gjin hanteken, mar in foetprint set

De provinsje Fryslân sil in bedrach fan twa ton bydrage oan de ûntwikkeling fan it griene bedriuwepark Ecomunity BV yn Easterwâlde. De totale kosten om it park duorsum te meitsjen binne sa'n 1,2 miljoen euro. Dan giet it om materiaal- en enerzjygebrûk en om de leefberens yn it gebou en de omjouwing.

It Ecomunitypark is in inisjatyf fan ECOstyle út Appelskea en it earste bedriuweterrein yn Nederlân dat op dizze wize ûntwikkele wurdt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)